Fytsparkearferbod by stadion

© Omrop Fryslân
De gemeente It Hearrenfean stelt in fytsparkearferbod yn foar it stadiongebiet. Foar it parkearen fan fytsen binne de ôfrûne tiid foarsjennings realisearre.
Om it Abe Lenstra-stadion en alle oare gebouwen goed berikber te hâlden, is it ferplichte om fytsen yn de stalling te setten. Der sil kontrolearre wurde oft minsken de fyts net samar op oare plakken delsette.