Strangere kontrôle ophokplicht

15 sep 2006 - 14:23

De Algemiene Ynspeksjetsjinst fan it ministearje fan LNV sil fan sneon ôf wer stranger kontrolearje op it ophokken fan plomfee. Sûnt begjin dizze moanne moat it plomfee wer nei binnen.

Neffens LNV hâlde in soad plomfeehâlders har noch net oan de regels. Sa moat it plomfee ûnder in ôfdakje sitte en oan de sydkanten tusken gaas. De Ynspeksjetsjinst hâldt troch it hiele lân sichtkontrôles.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)