9000 Friezen-om-utens útnoege

15 sep 2006 - 13:54

Ekspedysje Ljouwert hat goed 9000 Friezen-om-utens útnoege foar it spesjale wenfestival dat op sneon 23 septimber yn Ljouwert hâlden wurdt. Neffens de organisaasje soe in grut part fan de minsken eins wol graach wer yn Fryslân wenje wolle.

Ekspedysje Ljouwert hopet dat se dan de kar meitsje foar Ljouwert. De útnoegings binne yn it Frysk én yn it Hollânsk opsteld en binne ûnder oare nei Austraalje en Kanada stjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)