Steurings yn Bûtenpost
Bewenners fan de Mûnewyk yn Bûtenpost ha de ôfrûne dagen in soad lêst hân fan ferskate steurings. Sa is de stroom al in pear kear útfallen en ek binne der haperings yn telefoan-, televyzje- en ynternetferbinings.
Op it stuit wurde der graafwurksumheden dien yn de wenwyk en mooglik hat dat in rol spile yn de steurings.