Brommerrider oanriden yn Snits

15 sep 2006 - 10:58

De plysje hat tongersdei op de grutte dyk by Stienwyk in ynwenner fan Sprundel oanhâlden. De man hie earder op de dei yn Snits in brommerrider oanriden en wie dêrnei útnaaid.

Nei syn oanhâlding is by de automobilist in blaastest ôfnaam. Dêrút die bliken dat er tefolle dronken hie. De man is fêstset op it buro. De brommerrider dy't oanriden waard, is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)