Fryske Gea komt mei nije buorden

14 sep 2006 - 23:00

Mei it pleatsen fan nije buorden by alle 55 gebieten fan it Fryske Gea hopet de organisaasje op mear bekendheid yn de provinsje. Op it stuit witte in soad minsken net wat it Fryske Gea krekt docht.

Ek wit net eltsenien hokker gebiet no offisjeel in natoergebiet is. Ek dêr moatte de nije buorden in ein oan meitsje. Tongersdei waard by Bakkefean it earste boerd ûntbleate. Letter sil ek de rest fan de provinsje folgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)