Fettermonumint hast klear

14 sep 2006 - 15:14

Yn Ljouwert wurdt sneon oer in wike it monumint ta neitins oan Manuel Fetter ûntbleate. It monumint bestiet út in bank fan natuerstien. Earst soe de bank by it Nau komme, mar dat woe de gemeente net. De bank komt no op it Waachplein. De fundearring foar it monumint is al lein, de bank sels wurdt pas op it lêste momint pleatst.

Manuel Fetter waard yn septimber 2004 yn de Grutte Heechstrjitte om it libben brocht mei fjirtjin messtekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)