Shirts Hearrenfean dochs oankaam

14 sep 2006 - 14:31

Sportclub SC Hearrenfean kin gewoan oantrede yn eigen klean. Shirts, trainingsmateriaal en medysk guod binne tongersdeitemoarns oankaam op it fleanfjild fan Lissabon.

It materiaal wie earst wol meikaam mei it fleantúch, mar weromstjoerd nei Nederlân. Wêrom't dat bard is, is noch net dúdlik. SC Hearrenfean spilet tongersdeitejûn om tsien oere yn Portugal tsjin Vitoria Setubal foar de UEFA-Cup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)