Drost blessearre foar UEFA Cup

© Omrop Fryslân
Hearrenfean-trainer Gertjan Verbeek hat tongersdeitejûn foar it UEFA-Cupduel dochs net de beskikking oer in folslein fitte seleksje. Ferdigener Jeroen Drost hat lêst fan syn ankel. Tsjin Vitória Setúbal yn Portugal spilet SC Hearrenfean fierder mei deselde opstelling as ôfrûne sneon tsjin Excelsior. Breuer liket de ferfanger te wurden fan Drost.
Ferdigener Michael Dingsdag is der wol by. Hy hie lêst fan syn ankel.