Galema listlûker CDA
Sjoerd Galema is de listlûker foar it CDA by de Provinsjale Steateferkiezings op 7 maart 2007. De Fryske Steateleden hawwe dat woansdei unanym besletten. Dat barde yn in spesjale ledegearkomst yn it FEC yn Ljouwert.
De 43-jierrige Galema is feehâlder yn Hartwert en sit sûnt 1999 yn de Provinsjale Steaten. Binnen de CDA-fraksje is er finansjeel spesjalist.