Weening 47e yn Ronde fan Spanje

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Pieter Weening begjint tiisdei oan de lêste wike fan de Ronde fan Spanje. Nei fjirtjin dagen stiet de ynwenner fan De Harkema op in 47ste plak yn it algemien klassemint fan de Vuelta. Weening hat 40 minuten langer wurk hân as de Spaanske lieder Alejandro Valverde.
Weening is goed yn foarm, mar hat wol in pear dagen yn in dip sitten troch in blessuere. Hy hie lest fan in saneamde 'tredde bal'.