Man komt om ûnder kraan

Yn Donkerbroek is tiisdei in man by graafwurksumheden omkommen. Hy wie mei in kraan by syn hús oan it wurk. Doe't hy mei dy kraan achterút oer in putdeksel ried, knapte dat ûnder it gewicht fan de kraan. Dy kantele dêrtroch. De man foel út de kraan en kaam derûnder terjochte.
De brânwacht hat de man ûnder de kraan weihelle, mar der koe neat mear foar him dien wurde. Hy is op it plak fan it ûngemak ferstoarn.