Lege skoare stedhûs Boalsert

13 sep 2006 - 16:00

Besikers fan it stedhûs yn Boalsert hawwe te min privacy. Ek kinne se mar min it paad fine. Boalsert skoart ûnder it gemiddelde yn in enkête dy't hâlden is yn gemeenten yn Nederlân. 1600 Boalserters diene dêroan mei.

Boalsert hat al wat langer plannen om it âlde stedhûs te ferbouwen, mar dy binne dreech út te fieren omdat it gebou in monumint is. Der binne ek allegear oare saken ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)