Ferfolch opgravings terp Anjum

13 sep 2006 - 15:53

De opgravingen by de Terp fan Anjum krije nei alle gedachten in ferfolch. Yn Anjum is yn de ôfrûne fjouwer wike foar it earst in komplete dwerstrochsnede makke fan de terp. Dêrtroch koe ûndersyk dien wurde nei de opbou fan de terp en kaam ûnder oaren in midsieuske dyk oan it ljocht.

De Ryksuniversiteit Grins wol no in boek útjaan oer de fynsten yn de terp. De RUG wol itselde soart ûndersyk ek op oare plakken yn de provinsje dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)