Omrop noch dit jier fia satellyt

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân komt mooglik noch dit jier op de satellyt. In mearderheid fan de Twadde Keamer joech tiisdei grien ljocht foar it beskikber stellen fan jild foar de plannen.
It is noch net dúdlik wannear't de Omrop op de satellyt komt. It stribjen is begjin novimber, sadat de minsken yn it bûtengebiet de mooglijkheid hâlde om de Omrop te ûnfangen. Ein novimber komt in ein oan it útstjoeren fan it analoge sinjaal fia de eter.