Skip út haven Nes takele

13 sep 2006 - 13:47

De gemeente It Amelân hat in skip út de jachthaven fan Nes takelje litten, omdat de Dútse eigner fan de boat dêr al in jier lei en net fan doel wie fuort te gean. Neidat de man in fersyk fan de plysje negeard hie, is de boat yn beslach naam en de man op de boat rjochting fêste wâl set.

De man fersette him dêr behoarlilk tsjin. De boat is dêrnei út it wetter takele en doe die bliken dat dy mar kwalik seeweardich wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)