Bystânsfraude Tytsjerksteradiel

13 sep 2006 - 13:14

De amtners fan Tytsjerksteradiel spoare folle mear bystânsfraude op as de Sociale Recherche Fryslân, dêr't de gemeente earder by oansletten wie. Se stapten hast twa jier lyn ûntefreden út dit gearwurkingsferbân.

Sûnt dy tiid binne 28 gefallen fan bystânsfraude foar it ljocht kaam. De resjersjeurs fan it gearwurkingsferbân spoarden mar trije gefallen op. Der wurdt sa 560.000 euro besparre oan útkearingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)