'Boeren moatte mear romte krije'

© Omrop Fryslân
Gemeenten moatte boeren mear de romte jaan. Dat sei premier Balkenende tiisdei op in byienkomst fan NLTO yn Drachten. Neffens de premier binne de boeren op it stuit te bot bûn oan regeljouwing. Dat hâldt fernijing yn de sektor tsjin. Dêrom is it neffens him needsaaklik dat ek op lokaal nivo nei soepeler regels sjoen wurdt. Sa soene gemeenten neffens Balkenende wat makliker omgean moatte mei it ôfjaan fan fergunningen.