Man stelt 700 slipkes en BH's

In man fan 'e Gordyk (40) krijt 40 oeren wurkstraf foar it stellen fan frouljesûnderguod. Hy helle it fan syn trettjinde ôf fan wasklinen en út pûden fan it Leger des Heils. Meiinoar hie de man 700 slipkes en BH's.
Op de kompjûter hâlde de man by wat er fan wa stellen hie. De saak kaam oan it ljocht doe't de list op syn wurkkompjûter stie. Dêrút die ek bliken dat er bisûndere belangstelling hie foar famkes fan in jier as fyftjin.