Wieringers yn aksje foar Lont

13 sep 2006 - 09:33

In delegaasje fan de befolking fan Wieringen hat minister Remkes fan ynlânske saken tiisdei yn in petysje frege om it oanbliuwen fan boargemaster Titia Lont. De Fryske bestjoerder Lont krige earder dit jier spul mei de gemeentesiktaris en in part fan 'e gemeenteried. Sy is foardroegen foar ûntslach.

In soad Wieringers fine lykwols dat Lont rehabilitaasje fertsjinnet en fine dat se gau wer oan it wurk moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)