Ljouwerter oppakt foar ôfparsing

© Omrop Fryslân
De plysje fan West- en Midden-Brabân hat tiisdeitemoarn in 42-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden. De man wurdt fertocht fan ôfparsing en bedriging.
De plysje kaam de man op it spoar yn in ûndersyk nei de likwidaasje fan in 48-jierrige man út Tilburg. Hy waard op 23 juny fan dit jier foar syn wente yn Tilburg delsketten en ferstoar letter yn it sikenhûs.