'Fryske Jeugdsoarch wurket goed'

© Omrop Fryslân
Fryske bern mei problemen hoege net ûnnedich lang op help te wachtsjen fan Buro Jeugdzorg en de GGZ. De Fryske helpynstânsjes sprekke dêrmei it lanlike byld tsjin. Ut in rapport fan Ynspeksje foar de Sûnenssoarch en de Ynspeksje Jeugdzorg docht bliken dat de buro's net goed gearwurkje.
Yn Fryslân binne goede ôfspraken makke oer it trochferwizen fan bern. Buro Jeugdzorg stelt de helpfraach fêst, de GGZ docht de behanneling.