'Griene-stroom-jild net genôch'

12 sep 2006 - 17:22

It jild dat minister Wijn fan Ekonomyske Saken beskikber stelt foar griene stroom is net genôch om alle boeren yn it Noarden te helpen. Dat seit Henk Brink fan LTO Noord.

Wijn skafte in pear wike lyn alle subsydzjes foar griene stroom ôf, mar dêr komt er no foar in part op werom. Der is 270 miljoen euro om foaral lytse boere-bedriuwen yn de mjitte te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)