Brân yn Bagijnestrjitte Ljouwert

12 sep 2006 - 14:59

Yn in wenhûs oan de Bagijnestrjitte yn Ljouwert hat moandeitenacht brân west. In buertbewenners hearde it alarm ôfgean yn de wente en gie op ûndersyk út. De man ûntduts de brân en warskôge de brânwacht. Dy wie gau te plak, mar koe net foarkomme dat de wente reek- en wetterskea oprûn.

De technyske reserzje stelt in ûndersyk yn nei de oarsaak fan de brân. Der rekke gjinien ferwûne by de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)