Ferkeap melkrobots giet omheech

12 sep 2006 - 14:41

De ferkeap fan melkrobots sit yn de lift. Dat jildt alteast foar fabrikant Lely yn Maassluis dy't de robots sûnt tsien jier op de merk bringt. Lely ferkeapet dit jier twa kear safolle melkrobots yn Noard-Nederlân as ferline jier.

De melkrobot nimt it wurk folslein fan de boer oer. Yn it hiele Noarden hat Lely trijehûndert fan sokke masines ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)