Friesland Bank ek yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
De Friesland Bank iepenet in nij kantoar yn Amsterdam. Oant no is de bank aktyf yn Noard- en East-Nederlân. De bank rjochtet him no ek op it westen. Bûten Fryslân jout de Friesland Bank benammen tsjinstferliening oan saaklike klanten en partikulieren mei in soad sinten.
As nije direkteur yn Amsterdam is Leonie Jesse oansteld. Guon meiwurkers fan de Fryske festiging hawwe al oankondige meiferhúzje te wollen.