Fryske silers foar Pampus

© Omrop Fryslân
De Fryske dielnimmers lieten it dit wykein ôfwitte by it NK Pampussilen op de Snitsermar. De earste Fries einige op it achtste plak yn it klassemint. Sybrand Deen fan 'e Jouwer stie sneintemoarn noch fyfde, mar hy ferspile in pear plakken yn de lêste twa wedstriden.
Kampioen waard Jeroen de Groot fan Midlaren mei de Fryske fokkenist Abele de Jong fan De Jouwer.