Chris Wassenaar kening yn Marsum

© Omrop Fryslân
It partoer fan Rutmer van der Meer en de bruorren Chris en Jacob Wassenaar wûn snein it haadklasse keatsen yn Marsum. Sy wiene yn de finale te sterk foar Simon Minnsma, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendyk; 5-3 en 6-4. Chris Wassenaar waard útroppen ta kening en dat wie alwer de sechde kear dit seizoen.
De tredde priis gie nei PC-winners Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra.