Deadlik ûngemak yn Grins

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige ynwenner fan Drachsterkompanije is moandeitemiddei by in bedriuwsûngemak yn Grins om it libben kaam. De man wie oan it wurk mei in stoartkoker. Troch dy koker waard pún fan in gebou yn in kontener stoarten.
De man fan Drachsterkompanije stie krekt yn de kontener doe't de stoartkoker fol mei pún nei ûnderen foel. De man rekke dêrtroch bedobbe ûnder it pún.