Kabels foar Flylanner stroom

Flylân wurdt begjin takom jier as lêste gebiet yn Nederlân fan stroom foarsjoen fia in kabelferbining. It eilân hie oant no ta in eigen elektrisiteitssintrale. Mar dy hat sa stadichoan net mear genôch kapasiteit.
Nuon is de kommende moannen drok dwaande mei it lizzen fan kabels. Fan it ferdielstasjon yn Hjelbeam giet in kabel nei Harns. Dan giet it fierder mei 36 kilometer kabel troch see en nochris 10 op it eilân sels.