Fragen oer skea stroomsteuring

© Omrop Fryslân
Der is noch altyd in soad ûndúdlikens oer de gefolgen fan de stroomstoaring yn It Bilt. Neffens foarsitter Zonderland fan Doarpsbelang Minnertsgea witte in soad minsken net hoe't de skea fergoede wurdt en wêr't se har ferhaal helje kinne.
By de stoaring hat der in skoft in te heech foltage op it net stien. Dat hat soarge foar in soad stikkene apparaten. By Nuon is in skeaformulier te krijen.