Tsjinslach foar Skylge

12 sep 2006 - 08:50

De bou fan it gemeentehûs fan Skylge rint seker in pear wike fertraging op. Dit komt troch it fallisemint fan it boubedriuw HBC út Hoogeveen, as haadoannimmer ferantwurdlik foar de bou fan it gemeentehûs.

Ofrûne freed belle de projektlieder op om te sizzen dat it bedriuw it faillisement oanfrege hat. It wurk dat noch dien wurde moat stiet dêrom faai. Foar de gemeente kaam it fallisemint as in folsleine ferrassing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)