Omrin wol nije sintrale bouwe

© Omrop Fryslân
Yn Harns komt mooglik in ôffalferbrâningsoven dy't enerzjy opwekt. Offalferwurker Omrin wol de ynstallaasje delsette yn de yndustryhaven fan Harns. It giet om in ynfestearring fan 110 miljoen.
Earst komt der in ûndersyk nei de miljeugefolgen. De Fryske gemeenten moatte úteinlik in beslút nimme. De Waadferiening hat al sein tsjin de sintrale te wêzen. Dy soe it byld fan it Waad foar desennia ferpeste.