Wer konifearebrannen De Jouwer

11 sep 2006 - 16:11

Op trije plakken yn De Jouwer binne sneintenacht opnij konifearehagen yn brân stutsen. Sneontenacht waarden ek op fiif plakken strûken oanstutsen.

Sneintenacht wie der brân oan it Kofskip, de Warring en it Helmhout. Brânwacht en omwenjenden koene foarkomme dat de brannen oersloegen nei huzen en hokken. Earder dit jier waarden op De Jouwer ek al konifearen oanstutsen. De plysje hat no ekstra minsken op de saak setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)