Tydlike fearboat nei Skylge

11 sep 2006 - 15:38

Op it Waad fart tydlik in nije fearboat: in katamaran. Rederij Doeksen set him de kommende dagen yn om't de Koegelwieck mei technyske problemen oan de kant leit.

De katamaran is fan in sustermaatskippij fan Doeksen en fart gewoanwei tusken Almere en Huizen. No wurdt er ynset tusken Harns en Skylge. Nei Flylân giet de boat net, omdat it seegat tusken de eilannen te rûch is foar dizze 'rivierboat'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)