Yllegalen útfanhûs by politisi

11 sep 2006 - 14:33

Achttjin Fryske politisi krije tongersdeitenacht in yllegaal útfanhûs. Steateleden en gemeenteriedsleden biede foar ien nacht in flechteling sûnder papieren ûnderdak.

De útfanhûzerij begjint mei iterij yn it Ljouwerter Oanrinhûs. Alle politisi nimme in selsmakke miel mei. De politisi wolle mei de aksje oanjaan dat it mei de opfang fan flechtlingen net goed giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)