Harkemase Boys - ONS: 0-0

De Fryske twastriid yn de sneonshaadklasse C tusken Harkemase Boys en ONS smiet sneontejûn op sportpark De Bosk gjin doelpunten op. De Snitsers hiene benammen yn de earste helte it bettere fan it spul.
Yn de twadde helte wiene de ploegen oan inoar weage en yn it lêst fan de wedstriid wie de thúsploech noch hiel ticht by de winst. Mar de kopbal fan spits Tony Alberda kaam tsjin de peal oan.