Noch gjin akkoart oer seediken

De oerheid giet noch net akkoart mei it ferlizzen fan de seediken op de Fryske Waadeilannen Skylge, It Amelân en Flylân. De provinsje hie al oerienstimming mei steatssekretaris Schulz van Haegen, mar no docht bliken dat har amtners op it ministearje fan Ferkear en Wettersteat dwers lizze.
De provinsje en de Waadgemeenten wolle graach dat de diken op de eilannen ferlein wurde. Dat is feiliger, mar jout ek mear rûmte foar wenningbou.