Snits wint, De Jouwer ferliest

11 sep 2006 - 10:30

Snits hat de earste fuotbalwedstriid yn de haadklasse, yn en tsjin Babberich, mei 3-1 wûn. De thúsploech kaam noch wol op in 1-0 foarsprong, mar troch goals fan de broers Klaas en Inne Schotanus en Dennis Schat pakte Snits de oerwinning.

Foar De Jouwer wie de earste wedstriid net sa'n súkses. De ploech kaam thús mei 3-0 achter tsjin WSV. Oane Hornstra en Bert Zuurman skoarden noch foar De Jouwer, mar dêr bleau it by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)