Brân yn wenhûs Mantgum

De boppeferdjipping fan in hûs oan de Hegedyk yn Mantgum is sneintemoarn folslein útbaarnd by in fûle brân. De bewenners, in gesin mei trije bern, ûntduts de brân om 03.30 oere hinne.
De 41-jierrige man út it gesin besocht it fjoer noch út te skoppen, mar dat slagge net. Hy is mei twaddegraads brânwûnen oerbrocht nei it sikehûs. De rest fan it gesin is opfongen troch de buorlju. De plysje giet net út fan brânstifting.