Van den Berg bêste mearkampster

10 sep 2006 - 16:17

Turnster Berber van den Berg fan it Hearrenfean hat it poerbêst dien by de WK-kwalifikaasjewedstriid yn Enschede. Se wie de bêste Nederlânske turnster op de mearkamp. Lichelle Wong, de Nederlânsk kampioene op dat ûnderdiel, gie siik nei hûs.

Van den Berg kaam ta in puntetotaal fan 56,675. Se is wis fan in plakje by de WK-seleksje. It WK is yn oktober yn Aarhus. Njonken Van den Berg geane der noch seis turnsters mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)