H'fean ferliest fan Excelsior

10 sep 2006 - 15:26

Hearrenfean ferlear sneon de útwedstriid tsjin Excelsior mei 3-1. De Feansters kamen yn de 4e minút noch wol op foarsprong fia Petter Hansson.

Acht minuten letter krige de Sweed read nei in oertreding op Slory yn it strafskopgebiet. Luigi Bruins benutte de takende penalty: 1-1. Yn de 72e minút krige Excelsior wer in penalty en wer hie Bruins súkses. Slory bepaalde de einstân tsien minuten letter op 3-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)