RK-tsjerke Dronryp wer klear

© Omrop Fryslân
Yn Dronryp is sneontejûn de Roomske tsjerke wer yn gebrûk naam, nei in grutte restauraasje. Biskop Eijk fan it bisdom Grins-Ljouwert hat mei in feestlike mis it nije prysterkoar ynseinige.
It tsjerkegebou is de ôfrûne acht moanne stevich ûnder hannen naam. De restauraasje is betelle mei jild fan ferskate fûnsen, de provinsje, de gemeente Menameradiel en fan de parochianen sels.