Twa ûngelokken yn Drachten

© Omrop Fryslân
Der ha sneon twa ûngelokken west op de Noorderhogeweg yn Drachten. Earst wie der in botsing tusken in motorrider út Oerterp (23) en in automobilist út Drachten (29 jier).
De motorrider moast mei holle- en skonkferwûnings nei it sikehûs yn Drachten, nei't er oer de auto hinne katapultearre wie. Letter, oan it begjin fan de jûn, knalde in Drachtster (32) mei syn dochter (9) yn in bestelbus op in sjovel.