Jongeren oan de slach by drukker

10 sep 2006 - 08:45

Yn Snits is sneon in proefprojekt út ein set om de fergrizing yn de grafyske yndustry tsjin te gean. Fjirtich bystânsjongeren binne útnoege op in grafyske manifestaasje om yn de kunde te kommen mei it drukkersfak.

Uteinlik bliuwe 16 jongeren oer. Sy wurde by ferskate drukkersbedriuwen yn Fryslân pleatst om it fak yn de praktyk te learen. It projekt is in inisjatyf fan skoallen, ûndernimmers en de oerheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)