Byldepark iepene op Skylge

09 sep 2006 - 17:22

Op Skylge is freedtemiddei in bysûnder byldepark iepene. It giet om bylden makke fan granyt, ôfkomstich út in Sweedsk skip dat yn 1903 foar de kust fan Skylge fergie. De bylden binne makke troch de Israëlyske keunstneres Yael Artsi.

It projekt is ek bysûnder omdat der sa'n 60 eilanners oan meiholpen ha en dêrmei is it in keunstwurk fan de eilanners sels wurden. Artsi hat trije jier oan it projekt wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)