Blautonge yn Hilaard

09 sep 2006 - 14:39

Op in feesammelplak yn Hilaard is by twa kij blautonge konstatearre. Dêrom is hiel Nederlân no beheiningsgebiet. Dat hat minister Veerman fan Lânbou freed besletten.

De bisten komme út Súd-Hollân en Brabân. It nije rezjym hâldt yn dat wjerkôgers net frij ferfierd wurde meie. Foar it noarden jildt ek it advys om bisten jûns op te stallen en ynsektisiden te brûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)