Rjochtsaak Arriva busferfier

Yn Den Haach set freed in rjochtsaak út ein dy 't in ein meitsje moat oan de striid tusken de provinsje en busferfierder Arriva oer it busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân. De Arriva-bussen riden dêr no noch, mar dat hâldt yn jannewaris op, want konkurrint Connexxion nimt it oer nei in bettere oanbieding earder dit jier.
Mar neffens Arriva binne der prosedurele flaters makke, om't der ynformaasje oer de biedingen útlekt is.