Mooglik asbest yn Ingelum

08 sep 2006 - 14:49

It parkearterrein by de tsjerke yn Ingelum wurdt ûndersocht op in mooglike asbestbestimming. Op it parkearterrein leit in laach pún. Dêr soe de asbest tusken sitte.

It terrein is ôfset mei linten en boerden, salang at net dúdlik is wat der krekt yn it pún sit. De gemeente hat meunsters nommen. De útslach wurdt begjin nije wike ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)