Winst belofteteam Hearrenfean

08 sep 2006 - 14:33

Jong Hearrenfean wûn tongersdeitejûn mei 3-1 fan jong PSV. Op sportpark Skoatterwâld sette André Hanssen healwei de earste helte de Feansters op foarsprong. Nei de flugge lykmakker waard it 2-1 troch Age Hains Boersma.

Yn de twadde helte waard it 3-1 troch de Amearikaanske oanwinst Robbie Rogers. It belofteteam fan de Sportklup Hearrenfean hat no krekt as jong AZ en jong RKC seis punten út twa wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)